Brân yn groepsakkommodaasjegebou yn Westhim

Yn Westhim is sneontejûn brân útbrutsen yn in gebou oan De Kat. It giet om in gebou dêr't in groepsakkommodaasje yn sit. It fjoer is yn de skoarstien begûn en oerslein nei it plafond. It wie dreech te lokalisearjen en dêrom is opskaald nei middelbrân.
De brânwacht hat de plafonds sloopt om de brân te lokalisearjen. De boppeferdjipping stie fol reek. Tsjin tsien oere koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan. De minsken dy't yn it gebou wienen, binne allegear sûnder ferwûningen nei bûten kaam. Der is wol in soad skea oan it gebou.