Henk Wolf skriuwt boek oer bizar ûngelok mei markol

Henk Wolf krige goed in jier lyn in markol yn syn each doe't er yn syn klassike Jeep troch de provinsje ried. De fûgel kaam troch it foarrút en rekke him yn it each. Hy waard operearre, mar syn rjochtereach like ferlern te wêzen. It each waard lykwols better en hy kin der foar 15 prosint wer mei sjen.
Oer it foarfal hat Henk Wolf in boek skreaun 'Een meerkoet in mijn oog', dat 11 novimber presintearre wurdt. It boek wurdt útjûn troch Uitgeverij Kleine Uil yn Grins. Yn it Nederlânsktalige boek sit in protte Frysk.
Hallusinaasjes
Op humoristyske wize beskriuwt Henk Wolf hoe't syn brein en hysels reagearren op it ferlies fan it sicht yn in each. Oan de oarder komme nuvere hallusinaasjes, de ûnmooglikheid om djipte te sjen en it revalidaasjeproses. Hy moast op 'e nij fytsen en autoriden leare, mar kofje ynjitte kin er noait mear sels.
Foar begjinnende fisueel beheinden is it boek in gids, foar dokters in seldsume 'case study' en Friezen dy't him kenne as 'professor Henk' krije wat mear ynsjoch yn syn priveelibben. Yn Buro de Vries prate er earder oer syn ûngelok.