Skea troch kerrels op keunstgersfjilden is praat fan de dei

08 okt 2016 - 15:27

It nijs oer mooglik kankerferwekkende stoffen yn de kerrels op de keunstgersfjilden wie sneon it praat fan de dei op de Fryske fuotbalfjilden. Op sneon wurde in soad wedstriden spile en âlden oan de kant praten mei elkoar oer oft se har bern no wol of net spylje litte moasten. Ek klups wrakselje mei de kwestje dat yn in útstjoering fan Zembla bekend makke waard.

It RIVM jout âlden it advys om bern net boartsje te litten mei de rubberen kerrels op keunstgersfjilden. Ek wurdt oanret om nei it sporten te dûsen en skjinne klean oan te lûken.

Hurdegaryp

By VV Hurdegaryp leit sûnt koart in nagelnij keunstgersfjild. De foarsitter is wol skrokken fan it nijs oer mooglike skea foar de sûnens, mar wol earst it ûndersyk ôfwachtsje foardat er konklúzjes lûkt.

Reaksjes

De âlden oan de sydline reagearje ferskillend. "It hat my noait goed talike" seit in mem dy't al jierren earst de kerrels út de klean skoddet foar't se se yn de waskmasine triuwt. In heit seit dat er wol fan it nijs skrikt "om't myn trije bern by de klup spylje." Wer in oar fynt it nuver dat der no pas ûnrêst ûntstien is om't de kerrels al langer brûkt wurde. In oare heit fynt it wat fiersocht en tinkt dat it wol tafalle sil. Oer it generaal wolle de âlden dat der mear ûndersyk dien wurdt.

It Amelân

Fuotbalklup VV Giel Wyt op It Amelân hat twifels oer de oanlis fan in nij keunstgersfjild. Dat skriuwt de klup op de webside. De Amelanner fuotbalklup is yn ôfwachting fan in beslút fan de gemeente, oant dy tiid bliuwe de pûden mei de kerrels ticht. In part fan de kerrels is al levere, in fracht dy't takom wike besoarge wurde soe, is foarearst opskood. 

(advertinsje)
(advertinsje)