DE-reüny: Om de teeskjirre út, it fabryk troch

08 okt 2016 - 13:58

"Ik bin wolris útstjoerd om de teeskjirre, it hiele fabryk troch, mar dy wie der fansels net." Dat seit ien fan de 250 froulju dy't freed op de dei fan de DE-famkes ôfkamen. De reüny wie yn Museum Joure.

Yn de jierren '50, '60 en '70 wurken mear as tûzen famkes by DE, faak net âlder as 15 oant 19 jier. Se hawwe in soad wille hân. Yn de bus dy't de famkes nei it fabryk brocht, ried in man mei dy't oarder hâlde moast. Dat wie wol nedich, want "it wie wolris keet yn de bus." En oan de rinnende bân songen se mei mei de Arbeidsvitaminen.

Ferlegen

Ien fan de froulju ferwurde it sa: Jo kamen der ferlegen yn, mar waarden hieltyd wizer. Op 't lêst stiene jo jo mantsje wol." De DE-famkes fan doe tinke benammen graach werom oan de gesellichheid. Omdat se allegearre pubers wiene, libben se bot mei-inoar mei: "Jo krigen ferkearing en it rekke wer út. Se hiene jo altyd wat te bepraten."

Teepûdsjes

Mear as 250 froulju kamen freed yn Museum Joure byelkoar om werinnerings op te heljen oan de tiid dat se op it Douwe Egberts-fabryk op 'e Jouwer wurken, De fammen moasten benammen teepûdsjes ynpakke yn doazen.

Wike fan de skiednis fan Douwe Egberts

De reuny wie it begjin fan it temawykein oer de skiednis fan Douwe Egberts yn it Museum yn Joure. Dy fynt dit wykein plak.

Trefwurden: 
DE DE-famkes Museum Joure
(Advertinsje)
(Advertinsje)