Militêren krije werinneringsmedalje oan striid tsjin IS

Goed twahûndert militeren dy't meidien hawwe oan de striid tsjin IS hawwe freed op de fleanbasis yn Ljouwert in werinneringsmedalje krige. De militêren wiene legere yn Jordanië. Dêrwei bombardearren Nederlânske F16's doelen fan IS yn Irak.
De seremoanje yn Ljouwert betsjutte tagelyk ek de ein fan de hast 23 jier lange ynset fan F16's boppe konfliktgebieten. Foar it personiel brekt no in perioade fan werstel oan. Sa wurdt der ek wurke oan it ûnderhâld fan de tastellen.
Achterstân
Dêr is in grutte achterstân. Dat is ek te fernimmen oan it tal F16's dat op in dei fleane kinne. No bin dat tusken de seis en maksimaal acht tastellen. Dat moat sa gau as mooglik nei sechtsjin ta: moarns acht en letter middeis wer acht.
Loftferdigening
De kommende tiid wurdt oefene op de loftferdigeningstaken. Dêrfoar wiene guon F16's de ôfrûne wiken al yn Noarwegen. De needsaak foar ditsoarte trainings is grut. De ynset fan de ôfrûne 23 jier wie benammen rjochte op it oanfallen fan grûndoelen. Mei de tanimmende spannings mei Ruslân wurdt it krekt wichtiger om de ljochtgefjochtstaken serieus te trainen.
Baltyske steaten
Takom jier kinne dy ûnderfinings al yn de praktyk brocht wurde. Tastellen fan de Fleanbasis Ljouwert wurde dan ynset yn de Baltic Air Police. Dat is de beskerming fan it loftrom fan de Baltyske steaten Letlân, Estlân en Litouwen.
Frisian Flag
Njonken dy misje stean der ek wer twa grutte ynternasjonale oefeningen op it program: earst ein maart Frisian Flag, dêrnei set ek FWIT wer útein. Dat is de ynternasjonale wapenynstrukteursoplieding fan de Fleanbasis Ljouwert.