Ferkeard beton: tunnel Easterwâlde twa moanne letter klear

It wurk oan de tunnel yn de Duisterewei ûnder de N381 by Easterwâlde troch rint twa moanne fertraging op. By de oanlis is ferkeard beton brûkt en dêrtroch moat in wand ferfongen wurde. Neffens projektlieder Jeroen Mulder hawwe allinnich omwenners lêst fan de fertraging.
De provinsjale dyk kin oan de ein fan dit jier brûkt wurde. De dyk is de kommende wykeinen ôfsletten foar wurksumheden.