Fytster ferwûne by oanriding yn Burgum

© Nick den Boer
In frou op de fyts is freed ferwûne rekke yn Burgum. Op de Noardersingel waard se om sawat seis oere hinne oanriden troch in auto. Se foel mei de fyts dy't heal ûnder de tsjillen fan de auto bedarre.
De ferwûne fytster krige earste help fan de plysje. Eefkes letter kaam de ambulânse ek en dy hat har nei it sikehûs brocht. Hokker ferwûnings de frou hat, is net bekend. Ek net bekend is wat de oarsaak fan it ûngelok is.