Plysje rêdt mei fytskuorke kat út Ljouwerter grêft

08 okt 2016 - 08:35

Twa fytsplysjes hawwe freedtenacht yn Ljouwert in kat út it Lyts Skavernek rêden. Omstanners wiisden de plysjes op in jankende kat, dy't op in betonblok yn it wetter siet en gjin kant mear út koe.

De plysjes besochten it bistje earst mei help fan in fytshelm nei boppen te heljen, mar de kat doarde dat net oan. Doe't se it mei in kuorke fan in fyts besochten, sprong de poes dêr wol yn. Nei't de kat omheech takele wie, brochten de plysjes it bist werom nei de eigeners.

(advertinsje)
(advertinsje)