Lodewijk Meeter hâldt op as skipper fan Huzumer skûtsje

08 okt 2016 - 08:17

Lodewijk Meeter hat besluten op te hâlden as skipper fan it Huzumer skûtsje. Dat docht er om't it him net slagge is it skûtsje It Doarp Huzum út de ûnderste regioanen fan it SKS-klassemint wei te silen. De kommisje fan it Huzumer skûtsje sil meikoarten op syk nei in opfolger fan Lodewijk Meeter.

Huzum sylt sûnt in pear jier mei in nij skûtsje. Dat skip moast noch betelle wurde en dat is no slagge. Se hawwe ûnder oare in liening fan de SKS krige.

"Ik haw fiif jier mei siel en salichheid sild foar it Huzumer skûtsje". Meeter biuwt belutsen byde freonekring fan it Huzumer skûtsje.

(advertinsje)
(advertinsje)