Froulju SC Hearrenfean jouwe oerwinning út hannen

© awfoto.nl
It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freedtejûn mei 2-2 lyk spile tsjin PEC Zwolle. Yn it stadion fan Zwolle joegen de froulju in 2-0 foarsprong út hannen. Pas yn de twadde helte foel it iepeningsdoelpunt troch Nathalie van den Heuvel. In kertier letter ferdûbele Kim van Velzen de foarsprong fan Hearrenfean. Yn de lêste tsien minuten gong it dochs noch ferkeard. De froulju fan Zwolle skoarden noch twa kear en pakten sadwaande in punt fan de Feansters ôf.
Takom freed spylje de froulju har folgjende wedstriid, thús tsjin Achilles’29.