Fiere famylje fan Mata Hari oanwêzich by boekpresintaasje

Hiel fiere famylje fan Mata Hari, oftewol Margaretha Zelle, wie freedtemiddei oanwêzich by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it nijste boek fan Paulo Cuelho. Dat hjit 'De Spion' en giet oer Mata Hari. Ton Zelle, twa soannen en twa fan syn susters hawwe by de presintaasje ien fan de earste eksimplaren fan it boek krigen. Dy oersetting is makke troch Jantsje Post en Jetske Bilker. Sy basearren har op de Nederlânske oersetting, dy't makke waard troch Piet Janssen.
Janssen wie noch drok dwaande mei syn oersetting, doe't Post en Bilker oan harren wurk begûnen. Se koene it ferhaal dêrom sels net yn it fpar hielendal lêze. Inisjatyfnimmer foar de Fryske oersetting is de Afûk. Dy hat hege ferwachtingen fan de Fryske ferzje, mei omdat der takom jier in grutte útstalling komt fan Mata Hari yn it Fries Museum yn Ljouwert.
Coelho
Fan de Braziliaanske skriuwer Paulo Coelho binne oer de hiele wrâld mear as 200 miljoen boeken ferkocht, yn 170 lannen. Benammen syn boek 'De Alchemist' wie in tige grutte hit. Syn boeken binne yn 81 talen fertaald, wêrûnder dus no it Frysk. Earder hat de skriuwer al oan de útjouwer witte litten dat er der tige wiis mei is.
Presintaasje
De presintaasje fan de Fryske oersetting fan De Spion wie yn it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert. Dêr waard it boek net allinnich oerlange oan de famylje fan Zelle, mar ek oan wethâlder Sjoerd Feitsma. Fierder trede Tet Rozendal dêr op, yn har rol as Mata Hari.