Auto bedarret op 'e kop yn de sleat by De Westereen
By de Boppewei op De Westereen is freedtemiddei in auto op 'e kop yn de sleat bedarre. De auto soe oer in fytspaad sketten wêze, en kaam dêrnei yn 'e sleat ta stilstân. De ynsittende is sels út de auto kaam en waard troch de helptsjinsten opfongen.
It is net bekend oft de belutsen persoan ferwûne rekke is.