Trije huzen yn Ljouwert ticht fanwegen drugs

© Plysje
Yn Ljouwert binne dizze wike trije huzen sletten, om't der himpkwekerijen ynsieten of omdat der yn drugs hannele waard. In hûs oan de Harstastate bliuwt in heal jier ticht, om't der drugs, in wapen en munysje fûn waard.
Twa huzen oan de Bagijnestrjitte en de Harmen Sytstrawei moatte trije moannen ticht, om't der himp tille waard. Boargemaster Crone fan Ljouwert hat it foech om soks te dwaan op grûn fan de Opiumwet.