Schilder mooglik takom wike fit om te spyljen

De hoop fan de fans fan SC Cambuur is rjochte op Robbert Schilder. De middenfjilder waard ein augustus oanlutsen troch de Ljouwerters, mar kaam noch net yn aksje om't er noch net fit wie. Nije wike tsjin FC Den Bosch hopet Schilder foar it earst by de wedstrydseleksje fan trainer Rob Maas te sitten. Hy hopet dan syn debút te meitsjen yn it giel-blauwe shirt. "Ik sta te trappelen om te beginnen. Ik kan niet wachten", sa seit er.
Yn syn karriêre spile Schilder ûnder oaren foar Ajax, Heracles Almelo, NAC Breda en FC Twente. Sûnt in moanne wennet de 30-jierrige middenfjilder no ek yn Ljouwert. Mar, hoe goed kin Schilder syn nije wenplak en nije klup no eins? Wy leine him fiif kwisfragen foar...