Sintrale As freed offisjeel iepene

07 okt 2016 - 14:03

Nei jierren fan tarieden, ûntwerpen en bouwen is freedtemiddei de Sintrale As offisjeel iepene. By de ovonde fan Quatrebras waard de iepeningshanneling dien troch deputearre Sietske Poepjes en de wethâlders fan de belutsen gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Smallingerlân.

Sjonger Syb van der Ploeg fan De Kast hat in spesjaal liet skreaun oer de Sintrale As en sil dat by de iepening sjonge mei 500 skoalbern.

Om sân oere jûns giet de folsleine Sintrale As iepen foar ferkear en wurdt de nije dûbelbaans autodyk tusken Dokkum en Nyegea dan echt yn gebrûk naam. 

De ôfrûne tiid waarden der al ferskate eveneminten hâlden op de Sintrale As. Ferline wike sneon wie der bygelyks it drokbesochte Foarút oer de As mei de Handel en de wike dêrfoar diene der in soad minsken mei oan Sport op de As.

Omrop Fryslân is foar radio en telefyzje freed by de iepening en sil jûns de earste rit oer de As live streame op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)