Nienke Jet de Vries wint Skripsjepriis 2014-2016

© Fryske Akademy
Nienke Jet de Vries hat de Skripsjepriis 2014-2016 fan de Fryske Akademy wûn. De priis, in bedrach fan tûzen euro, waard freed útrikt op de earste Letterkundedei fan de Fryske Akademy. De Vries krige de ûnderskieding foar har masterskripsje Fan Selskip nei Mienskip, dy't se yn 2015 makke foar har oplieding Fryske letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn har skripsje sjocht De Vries nei de rol fan de Fryske literatuer tusken 1844 en 1915 as ferbinende krêft fan it doe ta stân kommende Fryske taalbewustwêzen.
De Skripsjepriis wurdt om it jier útrikt foar it bêste skripsjeûndersyk nei in Frysk tema. Studinten kinne oant 1 juny 2018 harren masterskripsje ynstjoere foar de folgjende Skripsjepriis.