Spesjale keunst en kitsch fan kliïnten Talant en WIL

In spesjale ôflevering fan 'Tusken Keunst en Kitsch' freedtemoarn yn De Kanselarij yn Ljouwert. Tweintich keunstners fan de soarchorganisaasjes Talant en WIL kamen del om harren keunst tentoan te stellen. In team fan It Erfskip, de sûvenir-ôfdieling fan Kulturele Haadstêd 2018, wie oanwêzich om de keunst te beoardieljen en om tips te jaan oan de kliïnten fan Talant. Dit alles yn it ramt fan Kulterele Haadstêd 2018, want dan sille in pear keunststikken fan de kliïnten ek echt te keap wêze as sûvenir.