De Sintrale As: fan plan oant dyk

07 okt 2016 - 12:17
De oanlis fan de Sintrale As by Dokkum-Noard

Jierrenlang is deroer praat, en jierrenlang is der ek oan wurke: de Sintrale As. Freed wurdt de dyk offisjeel iepene. Omrop Fryslân gie op de kop it argyf yn, en sjocht werom op de ôfrûne jierren. Wat is der sa al skreaun oer de wichtige dyk troch Noard-East Fryslân...  

▶ Augustus 2005
Presintaasje foarkarstrasee De Sintrale As.

'De Sintrale As' moat folle earder klear wêze as yn 2015. Dizze oprop docht boargemaster Arie Aalberts fan de gemeente Dantumadiel. 'De Sintrale As' is in nij oan te lizzen provinsjale dyk fan Dokkum nei Drachten ta. De dyk moat soargje foar in bettere ûntsluting fan it Noardeasten fan Fryslân. Op dit stuit wurde der sân mooglike trasees fan de nije dyk troch de provinsje bestudearre.
-
De nije dyk tusken Dokkum en Nyegea, de saneamde sintrale as, sil safolle mooglik om de doarpen hinne rinne. Fan 'e moarn hawwe provinsje en belutsen gemeenten it trajekt bekend makke. De dyk sil fan 2007 ôf oanlein wurden en kostet 184 miljoen euro. Tusken Dokkum en Burgum giet it om in twabaansdyk mei mooglik in ynhelferbod. Fan Burgum nei de Waldwei by Nyegea is it in fjouwerbaansdyk. Op it trajekt komme tunnels, in fiadukt en in akwadukt. It is it grutste ynfrastrukturele projekt yn de provinsje Fryslân ea. It doel fan de dyk is in bettere berikberens en ekonomyske ûntjouwing fan Noardeast Fryslân.

▶ 2006-2008
Gemeenten sette útein mei it opstellen fan bestimmingsplannen.

▶ Maart 2006
300 ynspraakreaksjes fanút de omjouwing op foarkarstrasee.

It drokke ferkearsplein by Quatrebras krijt gjin rotonde, mar in ûnlykflierse krusing. Dat hat Deputearre Steaten besletten neidat der noch 300 ynspraak reaksjes op de Sintrale As binnen kommen binne. Yn totaal binne der 16 wizigingen tapast yn de ûntwikkeling fan de ûntslutingsdyk foar Noard East Fryslân tusken Dokkum en Nyegea. Deputearre Baas fynt dat de situaasje by Quatrebras in knyppunt is dat jo mar better direkt goed oanpakke kinne. De Sintrale As sil foar in part ûnder de grûn oanlein wurde, de dyk fan Hurdegaryp nei Noardburgum der boppe. De kosten fan de totale Sintrale As wurde troch de 16 wizigingen gâns heger, fan 184 miljoen euro nei 200 miljoen euro. De provinsje moat noch ûndersykje oft der op oare aspekten fan it projekt besunige wurde kin.

▶ Maaie 2006
Definityf trasee De Sintrale As bekend.

▶ Maart 2007
Undertekening gearwurkingsoerienkomst tusken provinsje Fryslân, de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel.

De oanlis fan in nije autodyk fan Dokkum nei de Wâldwei - de saneamde sintrale as - is justerjûn in belangrike stap tichterby kaam. De gemeenterieden fan sawol Tytsjerksteradiel as Dongeradiel binne akkoart gien mei in finansjele bydrage fan elts 12 miljoen euro. Earder fan 'e wike stimde ek Dantumadiel al foar. Dêrmei binne alle gemeenten no yn mearderheid foar de nije autodyk. In ludike aksje fan riedsleden yn Tytsjerksteradiel feroare dêr neat oan.

▶ 2008-2009
Tariedingsproseduere Provinciaal Inpassingsplan (PIP). Projektorganisaasje set ynfotrailer yn om omwenners te ynformearjen.

 

▶ Juny 2010
It Provinciaal Inpassingsplan (PIP) foar de Sintrale As is fêststeld troch Provinsjale Steaten.

Septimber 2010
Tsien organisaasjes en priveepersoanen tekenje berop oan tsjin it Provinsjaal Ynpassingsplan by de Ried fan Steat.

Mei ûnder oare dit protestliet reizgje ferskate natuerbeskermingsorganisaasjes mei in bus troch Garyp en Burgum. De aksjefierders besykje mei folders ynwenners te oertsjûgjen foaral protest oan te tekenjen tsjin de oanlis fan de nije fjouwerbaans sneldyk tusken Dokkum en Nyegea. Dwerstroch in nasjonaal lânskip. Topmodel Doutzen Kroes is boechbyld fan de aksje. De provinsje hat de lêste moannen al bot ynvestearre yn oankeap fan grûn foar de Sintrale As en sloop fan in tsiental wenten. Yn 2015 moatte de earste auto's oer de goed 250 miljoen euro kostjende dyk ride.

▶ Jannewaris 2011
76 organisaasjes hawwe in sjochwize yntsjinne by de Ried fan Steat om it berop fan tsjinstanners fan tafel te krijen. Sy binne foarstanners fan de Sintrale As

Hast 50 ûndernimmersklups, ynstellingen en doarpsbelangen binne ree om mei de gemeenten Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Dongeradiel te striden foar de komst fan in fjouwerbaansdyk fan Nyegea nei Dokkum, de saneamde sintrale as. In moanne lyn waard de oanlis fan de nije dyk skorst troch de Ried fan Steat. Alle feiten moatte nochris goed ûndersocht wurde foar't in útspraak dien wurdt. As de saak wer fierder behannele wurdt, mei de wethâlder fan Dongeradiel tenei ek sprekke nammens al dy bedriuwen en doarpsbelangen.

Mear as 70 organisaasjes ha in sjenswize ûndertekene foar de Sintrale As. Fiif ûndernimersferieningen yn Noardeast Fryslân ha it inisjatyf naam foar de sjenswize. Sy fine dat de fjouwerbaansdyk fan Dokkum nei Nyegea der perfoarst komme moat, want it is goed foar ûnder oare de wurkgelegenheid en de leefberens. De sjenswize sil ynkoarten oanbean wurde oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

▶ Novimber 2011
De Sintrale as komt er, dat hat de Ried fan Steat besletten.

De oanlis fan de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea - de sintrale As - kin trochgean. Dat hat de Ried fan Steat yn Den Haag útsprutsen. De heechste rjochter giet net mei yn de beswieren fan it Fryske Gea en in oantal bewenners fan it gebiet. Tsjin de útspraak is gjin berop mear mooglik. De Ried fan Steat fynt dat provinsjale steaten foldwaande oantoand hawwe dat de Sintrale As needsaaklik is, foar de berikberens en de feiligens fan Noardeast Fryslân. De kar foar in fjouwerbaansdyk is net ûnreedlik, fynt de rjochter. Ek de beswieren fan it Fryske Gea en de ynwenners oer oantaasting fan it lânskip en fersteuring fan flearmûzen binne net terjochte.

▶ Septimber 2012
Oannimmer Haarsma Infra & Milieu B.V. út Tjerkwert set útein mei de oanlis fan de rûnwei Garyp.

 

▶ Novimber 2012
Oannimmer Heijmans Infra Geïntegreerde Projecten BV set útein mei de oanlis fan it noardlike part fan de Sintrale As.

 

▶ Maaie 2013
De kâns is oanwêzich dat de plande datum fan 2015 net helle wurdt, en dat pas yn 2016 de earste auto's oer de sintrale as ride. De reden hjirfoar is dat de ûnteigeningsprosedueres langer rinne.

▶ Novimber 2013
Oannimmerskombinaasje Nije Daam (Mobilis/van Gelder/J.J. de Vries) set útein mei wurk oan it akwadukt en de brêge by Burgum.

▶ Febrewaris 2014
Heijmans set útein mei de útfiering fan it noardlik part. Max Bögl docht op itselde momint wurk oan de spoarûndertrochgong by Feanwâlden.

 

▶ Oktober 2014
De spoarûndertrochgong by Feanwâlden wurdt ynskood.

De grutte betonnen tunnelbak ûnder it spoar by Feanwâlden leit op syn plak. Der is fannacht hurd wurke om de bak op syn plak te krijen. It wurk rûn in pear oeren fertraging op, nei't de bak fêst kaam te sitten yn it sân. Mei ekstra materieel is de bak loshelle en te plak lein. De ûndertrochgong by it spoar komt op it plak dêr't De Sintrale As ûnder it spoar Ljouwert-Grins trochgiet. Neffens it projektburo De Sintrale As sil de fertraging gjin gefolgen ha foar de fierdere planning. It is de ferwachting dat it treinferkear moandei wer gewoan oer it spoar tusken Feanwâlden en De Westereen ride kin. Oant dy tiid wurde der bussen ynset.

▶ Jannewaris 2015
De rûnwei Garyp is iepen foar it ferkear.

▶ Septimber 2015
Noardlik part fan de Sintrale As is iepen foar it ferkear

▶ Oktober 2015
De spoartroch by Hurdegaryp wurdt ynskood.

▶ Maart 2016
Brêgedek by Burgum wurdt derynset.

Milimeter foar milimeter waard  fan 'e moarn is de nije fytsbrêge oer it Prinses Margrietkanaal by Burgum op syn plak takele. In operaasje mei de nedige risiko's want it gefaarte wie mar leafst 202 ton swier. En fan 'e middei folget noch de brêge foar it autoferkear en dy is noch krekt wat swierder. Nei oanlieding fan it ynsidynt ferline jier yn Alphen aan de Rijn wêrby't twa kranen mei in brêge omfoelen binne der ekstra berekkeningen makke sadat de operaasje feilich ferrinne soe. It ferkear oer de âlde brêge waard folslein stillein foardat it takeljen begjinne soe.

Oktober 2016
De Sintrale As is iepen foar it ferkear.

Trefwurden: 
skiednis Sintrale As
(Advertinsje)
(Advertinsje)