Nasjonaal Park Lauwersmar útroppen ta Dark Sky Park

Nasjonaal Park Lauwersmar is útroppen ta Dark Sky Park. Dat makke de International Dark Sky Association bekend. In Dark Sky Park is in gebiet dêr't it tsjuster is. Besikers binne nachts wolkom om it tsjuster te belibjen en de stjerren te sjen. It predikaat dat no jûn is, soarget derfoar dat it tsjuster ek beskerme bliuwt.
Nederlân is ien fan de lannen mei de measte ljochtfersmoarging fan de wrâld. Bepaalde bisten ha just ferlet fan it tsjuster en de rêst. Oer de hiele wrâld binne no 41 natuerparken- en reservaten beneamd ta Dark Sky-lokaasje.
It Lauwersmargebiet is it twadde Dark Sky Park fan Nederlân. Ferline jier krige de Boskplaat op Skylge as earste fan Nederlân de titel.