Arno Brok wurdt foarsitter Genootschap van Burgemeesters
Arno Brok, de eardere boargemaster fan Snits, is de nije foarsitter fan it Nederlands Genootschap van Burgemeesters (NGB). De 48-jarige Brok folget Bernt Schneiders op. Dy hâldt op mei de funksje omdat er ek ophâldt as boargemaster fan Haarlem.
Brok is sûnt 2003 boargemaster. Hy waard yn dat jier boargemaster fan Snits. Sûnt 2010 is er boargemaster fan Dordrecht. Earder studearre hy oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert en wie er fiif jier wethâlder yn de stêd.