"Ik wol de oandacht brûke foar de promoasje fan de boeren"

Fryslân hat in grut oandiel yn de nije boerinnekalinder foar 2017. Mar leafst trije fan de tolve froulju komme út Fryslân: Rixt de Jong de Easterbierrum, Ineke Hoekstra fan Aldebiltsyl en Jackelien Visser fan Menaam. Jackelien wol de oandacht dy't de kalender krijt net allinnich foar harsels brûke: "Ik wol de oandacht brûke om de boeren te promoatsje" sa seit se. "It is dêrnjonken ek in hele ear om op de kalender te stean, want je moasten in hele seleksje troch." Ek heit en mem binne grutsk op Jackelien.
Neffens heit Rintsje Visser is promoasje noch hieltyd wichtich, "Benammen foar de jonge minsken, de jonge fammen, dat dy meidogge (yn it bedriuw)" sa seit er.
De boerinnekalinder komt sûnt 2011 út, en dit kear net allinnich yn Nederlân mar ek yn België. De organisaasje fan de kalinder wol de famkes ek mear ynsette as positive promoasje foar it boerelibben en sa omtinken te freegjen foar de problemen dêr't in soad boeren mei te krijen hawwe.