Auto op de kop yn de sleat by Raerd

Auto op kop yn sleat by Raerd © Camjo Media
By in oanriding op de Snitserdyk by Raerd is tongersdeitemiddei in auto op de kop yn de sleat bedarre. De oarsaak wie nei alle gedachten in mislearre ynhelaksje. Oare bestjoerders hawwe it automobilist út de auto weihelle en dêrnei is er mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehús yn Snits. De man siet allinnich yn de auto. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.