Alders Haijtema sitte bot yn noed oer it lot fan Klaas

De famylje Haijtema út Wûns sit op it stuit yn it emosjonele draaimûne sûnt soan Klaas fêstsit yn Myanmar foar it fersteuren fan in boeddhistyske fiering. Dat fertelt syn mem Leny Haijtema yn in ekslusyf ynterview mei ferslachjouwer Simone Scheffer fan Omrop Fryslân. "Wy wurde op it stuit platbelle en we witte net goed hoe't we dêr mei omgean moatte. We dogge dêrom no ús ferhaal, yn de hope dat we hjirnei ek wat rêst krije sille."
Wat barde der dy dei no krekt yn Myanmar?
"Fan Nathalie, de freondinne fan Klaas, hawwe we begrepen dat de muzyk al de hiele dei hiel lûd oanstie. Klaas en Nathalie koenen elkoar net iens ferstean yn harren hotelkeamer. Ek oare hotelgasten seinen lêst te hawwen fan it leven. Jûns kertier foar tsienen stie de muzyk noch like lûd. Klaas is der doe hinne gien om ris te hifkjen oft it lûd miskien ek wat sêfter kinne soe. Hy krige doe hielendal gjin reaksje. Nathalie fertelde dat Klaas dêrom de stekker derút lutsen hat. Klaas is earst meinaam troch de plysje foar syn eigen feilichheid. Letter barste de bom, om't yn Myanmar it ferhaal op Facebook gie dat Klaas in moslim wie dy't de fiering fersteurd hie. Dat soarge dêr foar de flam yn de panne. Doe waard Klaas oppakt."
Wat fine jim der sels no fan dat Klaas dit dien hat?
"Hy hat absolút nea trochhân dat it in boeddhistyske fiering wie. De manlju, froulju en bern dy't dêr wienen hienen gewoane klean oan en der wie neat te merken fan religieuze úterings. Mar fansels hat dit wol in bytsje dom west fan Klaas. Hy hie it allegear better net dwaan kind. Mar hy hat syn eksús oanbean en dat mient er ek echt."
Hoe hawwe jim dizze dei belibbe?
"We sieten de hiele tiid te wachtsjen op it nijs oft it in rjochtsaak wurde soe of dat Klaas it lân útset wurden soene. Doe waarden we oan it begjin fan de dei belle troch Bûtenlânske Saken, dy seinen dat se min nijs hienen en dat hy trije moannen selstraf krijt. Dat hienen we net ferwachte. Oan de iene kant wie ik bliid dat der einlings in ein kaam oan de ûnwissicheid, mar oan de oare kant bin ik ek bang. Ik ken Klaas. It is in sterke jonge, absolút, it is in sterke jonge. It is in ek soarchsume sjonge, mar ik hoopje wol dat er dit trochstiet."