Stil asfalt op A31 tusken Dronryp en Frjentsjer

06 okt 2016 - 17:01

Op de A31 tusken Dronryp en Frjentsjer wurdt in nije type asfalt oanlein. It giet om LEAB, Laag Energie Asfalt Beton. It grutte ferskil mei it oare asfalt sit him yn de duorsumens. Foar de produksje fan LEAB is folle minder enerzjy nedich. Dat skeelt in soad oan gas. It riden op it stille asfalt is foar autobestjoerders net oars as op oar asfalt. It wurk moat oer in lytse twa wiken klear wêze, op 18 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)