Doarpswinkel Drachtsterkompenije rint goed

It giet boppe ferwachting goed mei de doarpswinkel yn Drachtsterkompenije. In jier lyn drige sluting, mar troch in crowdfundingaksje koe de winkel oernaam wurde troch Kerstin en Cor van Kammen fan soarchbuorkerij de Helianthus Zathe. Deibestegingsklanten fan de soarchbuorkerij helpe by it lieden fan de winkel. "De omset is heger as ûnder de foarige eigener. Dat it sa goed gean soe, hiene wy net ferwachte. Ik bin der grutsk op dat we dit mei ús allen dien hawwe", fertelt Kerstin van Kammen.
''Wichtich foar it doarp''
Ek yn Drachtsterkompenije binne se wiis mei de doarpswinkel, sa fertelt Sietse Wijbenga fan Pleatslik Belang. "It is oergryslik wichtich foar it doarp. Wy binne bliid dat dizze winkel in trochstart makke hat. De pinautomaat is ea al ferdwûn en gelokkich hawwe wy noch wol in skoalle en in winkel. Foar de mienskip is dat hiel wichtich. Minsken kinne mekoar hjir moetsje", sa seit Wijbenga.
Weriepening
Sneon is de offisjele weriepening fan de doarpswinkel yn Drachtsterkompenije. Der binne allegearre aktiviteiten op de soarchbuorkerij en by de winkel.