RAV Fryslân is bliid mei ekstra jild foar ambulânses

Regionale Ambulancevoorziening (RAV) Fryslân fynt it moai dat minister Edith Schippers ekstra jild beskikber stelt foar de sprieding en beskikberheid fan ambulânses. Direkteur Sietse Kijlstra fan Kijlstra Fryslân fynt it ek in erkenning fan it probleem. Der komt yn totaal 16 miljoen euro beskikber. Kijlstra tinkt dat dêrfan ûngefear in miljoen nei Fryslân komt.
Yn prinsipe moat 95% fan de ritten binnen in kertier op it plak fan bestimming oankomme. Yn Fryslân wurdt dat net helle. De ferwachting is dat Kijlstra ein fan dit jier op 93% útkomt. In ambulânse derby soe bydrage kinne oan in noch bettere skoare.
"We binne bliid dat de minister no ek erkent dat we mei de huidige kapasiteit net oan de noarmen foldwaan kinne. Dêrom is it belangryk dat der mear middelen komme, sadat wy de kapasiteit útwreidzje kinne,'' sa seit Kijlstra.