Plannen foar in opfallend keunstwurk fan sân meter heech

Yn it Koepelbosk by Aldeberkeap komt takom jier in sân meter heech keunstwurk te stean. It giet om in grutte koepel fan stiel. It moat de koöperative gedachte út de regio rûnom Aldeberkeap útbyldzje. It keunstwurk is betocht troch Bep Mulder fan Ljouwert en kostet oardel ton. Dat jild komt fan stichting Bercoop Fonds, in neilittenskip fan de eardere bank Bercoop. De koepel komt op it eilân oan de râne fan it bosk. Fan de provinsjale dyk de N351 is it keunstwurk goed te sjen. Dat wie ek ien fan de betingsten fan de stichting.