Juf Annie is leaf, mar net de leafste fan hiel Nederlân

Juf Annie Zwarts fan kristlike basisskoalle Immanuel út Noardburgum is net útroppen ta leafste juf fan Nederlân. Se wie mei noch in oare juf en in master nominearre foar de titel. De manlike finalist hat de wedstryd úteinlik wûn. Annie Zwarts fynt it net slim dat se net wûn hat. "Ik fûn it al hiel moai dat ik nominearre wie. Ik haw in grut bosk blommen en de titel ‘liefste juf van het Noorden’ krigen."