Haersma Buma werom nei Fryslân foar promoasjefilmke CDA

Fryslân spilet in belangrike rol yn it nijste tillefyzjefilmke fan it CDA yn it ramt fan Politieke Partijen. Dêryn giet lieder Sybrand van Haersma Buma werom nei syn jeugd yn Warkum en Snits. Yn dy plakken wie syn heit Bernhard van Haersma Buma boargemaster tusken 1962 en 1993. Yn it CDA-filmpke binne bylden te sjen fan de Ofslútdyk, de polder by Warkum en de wettertoer yn Snits. Fierder komt de CDA-lieder yn aksje by de alvestêdetocht fan 1986, dy't er útried.
Van Haersma Buma seit dat Fryslân in provinsje is mei in 'dield ferline' en 'dielde wearden'. Hy hat fan hûs út plichtsbesef en ferantwurdlikens meikrigen. "Yn de wrâld fan no geane de feroarings te fluch, wêrtroch't in soad kwetsbere minsken net de soarch krije dy't se nedich hawwe", sa seit Van Haersma Buma. It CDA-filmpke foar de stjoertiid fan Politieke Partijen is woansdeitejûn foar it earst op de tillefyzje te sjen.