Advokaat tinkt dat Klaas Haijtema frijsprutsen wurdt

05 okt 2016 - 12:10

De advokaat fan Klaas Haijtema, de Fries dy't sûnt 23 septimber fêst sit yn Myanmar, tinkt dat de rjochter him tongersdei frijsprekke sil. Haijtema sit yn Myanmar fêst om't er twa wike lyn in stekker út in fersterker luts by in boeddhistyske fiering. Hy wist net dat it in religieuze gearkomste wie. Sûnt tiisdei hat Haijtema in advokaat, U Hla Ko.

U Hla Ko is de foarsitter fan in organisaasje dy't juridyske stipe jout oant minsken dy't gjin advokaat betelje kinne. Sûnt woansdei ferdigenet er Klaas Haijtema en hat er mei him mei west nei de rjochtbank yn Mandalay. Foar it earst, want oant no ta hie Haijtema gjin advokaat.

Mei opsetsin

De man út Wûns wurdt ferfolge foar artikel 295 út it wetboek foar strafrjocht. Dat giet oer it mei opsetsin beledigjen fan religieuze opfettings of gefoelens of it feroarsaakje fan skea oan religieuze saken. En just troch dat 'mei opsetsin' tinkt advokaat U Hla Ko dat de rjochter him frijsprekke sil

Utspraak

It is no wachtsje op de útspraak fan de rjochter. Om 10:00 oere op tongersdei is der wer in sitting. Dêrnei sil de rjochter de tiid nimme om de strafmaat te bepalen en dan soe oan it begjin fan de middei de útspraak folgje kinne, sa seit advokaat U Hla Ko.

Trefwurden: 
Klaas Haijtema Myanmar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)