Bewenners De Harkema wolle fan elzebeammen ôf

© Google Streetview
Bewenners fan de Dwerssingel yn De Harkema wolle fan de beammen yn harren strjitte ôf. Neffens de buert soargje de elzebeammen foar in soad oerlêst en skea oan huzen, stoepen en de rioelearring.
De bewenners hawwe in hantekenaksje hâlden en dy oanbean oan de gemeente Achtkarspelen. Neffens de gemeente binne de beammen sûn en fitaal en kinne se net yngean op de klachten út de buert.