Frachtweinsjauffeur (65) fraudearret mei tal wurke oeren

Digitale tachograaf © ANP XTRA
In 65-jierrige frachtweinsjauffeur út Drachten is tiisdei troch de plysje oanhâlden om't er fraudearre mei it tal oeren dat er wurke. By it útlêzen fan syn digitale tachograaf die bliken dat de man njonken syn eigen bestjoerderskaart ek de kaart fan in oar brûkte.
Dêrtroch wurke de sjauffeur folle mear oeren as tastien is en krige er folle minder rêst as needsaaklik is foar in frachtweinbestjoerder. De plysje joech de man in befel ta it staken fan syn wurk foar 45 oeren.
Dêrneist waard der in boeterapport opmakke foar de ferskate oertrêdingen dy't dêrmei ferbân hâlde.