"Harns en Dantumadiel ûntkomme net oan weryndieling"

Harns en Dantumadiel sille net ûntkomme oan in gemeentlike weryndieling. Dat ferwachtet boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Hy sei tiisdeitejûn yn It Polytburo dat gemeenten dy't te lyts binne harren taken net goed útfiere kinne. In protte taken dy't gemeenten útfiere, hâlde by de gemeentegrinzen net op.
Yn Fryslân soenen úteinlik sa'n sân of acht gemeenten oerbliuwe moatte, fynt Apotheker. Dy hawwe dan foldwaande slachkrêft.
Yn it nije regearakkoart soe fêstlein wurde moatte dat de minister èn de kommissaris fan de Kening in weryndieling oplizze kinne.
Yn it polityk telefyzjeprogramma It Polytburo fiele presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken in (Fryske) politikus oan de tosk oer in aktueel ûnderwerp. It Polytburo wurdt alle tiisdeis om 18.45 oere útstjoerd op Omrop Fryslân Telefyzje.