Harnzer solosiler sprong sels út mêst by drugsûndersyk

© ANP
De 62-jierrige solosiler Christiaan Woestenburg fan Harns sprong trije jier lyn sels út de mêst fan syn syljacht, sa stiet yn it Algemeen Dagblad. Woestenburg, in bekende yn de Nederlânske sjarterfeart, wie yn juny 2013 foar de kust fan de Scilly Eilannen doe't er problemen krige mei syn jacht.
Ien kear oan de kant holpen, die de plysje fan Devon Cornwall ûndersyk op it skip. De siler klom yn de mêst, foel derút en stoar oan syn ferwûnings. Letter fûn de plysje 100 pakketten kokaïne yn in wettertank oan board fan de Windrose.
Neffens tsjûgen sette Woestenburg dúdlik mei de fuotten ôf fan de mêst. Se sizze dat hy rjochting de kade dûke woe. It ûndersyk nei de dea fan Woestenburg waard moandei presintearre, goed trije jier nei it foarfal.