Gemeente Ljouwert hellet tûzen ferkearsbuorden fuort

Ferkearsbuorden © ANP
De gemeente Ljouwert hellet de kommende tiid sa'n tûzen ferkearsbuorden fuort. Dit is krekt wat mear as tsien prosint fan alle buorden yn de gemeente. Se wurde fuorthelle om de ferkearsfeiligens te fergrutsjen. Ek soargje minder buorden foar in besuniging om't der dan minder ûnderhâld nedich is.
De gemeente wol mei minder buorden ek de 'verrommeling' yn de iepenbiere romte tsjingean. Se moatte oan 'e ein fan dit jier fuort wêze.
Foar elk boerd is sjoen oft der in wetlike needsaak foar is. Ek is beoardiele oft de ferkearssituaasje dúdlik is sûnder it boerd. In part fan de buorden wurdt bewarre foar nije ferkearssituaasjes, de rest wurdt recycle.