Friezen hâlde de soarchkosten relatyf leech

© ANP
Ynwenners fan Littenseradiel en Súdwest-Fryslân meitsje de minste soarchkosten. Ek de Waadeilannen dogge it goed. Dat docht neffens RTL Nieuws bliken út sifers fan Vektis. Dy hat gegevens fan alle soarchfersekerders sammele. Dêrút docht bliken dat Nederlanners gemiddeld hast 2200 euro yn it jier oan soarchkosten meitsje.
It giet dan bygelyks om kosten foar de húsdokter, medisinen en besites oan it sikehûs.
Súdwest leger, Ljouwert heger
Mar der binne grutte regionale ferskillen. Sa scoare Littenseradiel en Súdwest-Fryslân folle leger as it giet om deklaraasjes oan de soarchfersekerder. Mear as 20 prosint ûnder it gemiddelde.
Mar yn Ljouwert meitsje ynwenners júst wer mear as gemiddeld gebrûk fan soarch. Foar de sifers waarden gebieten fergelike op basis fan de earste trije sifers fan de postkoade.
Besjoch hjir hoe't dyn buert it docht.
Libbensstyl
Lanlik sjoen scoarden twa wiken yn Lelystêd it heechst, folge troch Utrecht en trije wiken yn Den Haach.
De regionale ferskillen soenen ûnder oaren te krijen hawwe mei de libbensstyl fan minsken. Sa wenje neffens sifers fan it CBS yn Lelystêd relatyf in protte minsken mei oergewicht.