ONS en Snits Wyt Swart ûndersykje gearwurking

04 okt 2016 - 10:25

Fuotbalclubs Snits Wyt Swart en ONS Boso Snits ûndersykje de mooglikheid om gear te wurkjen. Der is in spesjale kommisje ynsteld dy't sjen sil oft der genôch draachflak is ûnder de leden. Dêrfoar wurde fuotballers fan beide klups frege om in enkête yn te foljen. 

Neffens de bestjoeren fan Snits Wyt Swart en ONS Boso Snits is it finansjeel dreech om sa troch te gean. Harren haadsponsor Boso hâldt folgjend seizoen op, de ynkomsten by thúswedstriden binne leech en beide clubs komme by deselde sponsoaren telâne.

As beide clubs gearwurkje, wol de gemeente Súdwest-Fryslân de fuotbalferienings dêrby ek helpe. Mooglik dat op termyn ek in fúzje folget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)