Betonynspeksje pylders brêge by Koarnwertersân

De brêge by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ferkear op de Ofslútdyk moat fan tiisdei ôf rekken hâlde mei fertragings. Fan 'e wike wurdt betonynspeksje dien oan de pylders fan de twa njonkeninoar lizzende brêgen by Koarnwertersân. It ferkear moat dan oer ien brêge. Dêrtroch is foar it ferkear út beide rjochtingen mar ien baan beskikber. It wurk duorret oant freed.