Automobilist rydt troch en skuort ferkearsregeler mei

03 okt 2016 - 17:30

In ferkearsregeler is moandeitemoarn yn Ljouwert meiskuord troch in auto. In 30-jierrige Ljouwerter ried om sân oere hinne op de Canterlandsewei yn syn wenplak oant by in dykôfsetting. Dêr waard er tsjinhâlden troch de ferkearsregeler dy't sei dat er net fierder mocht.

De autobestjoerder ried dêrnei dochs troch en sleepte de ferkearsregeler sa'n fyftich meter mei. De autobestjoerder bliuw úteinlik wol stilstean en koe oanhâlden wurde troch de plysje. De ferkearsregeler rekke net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)