FIDEO: Learlingen OSG Sevenwolden posityf oer fytsapp

De learlingen fan OSG Sevenwolden yn Grou binne posityf oer de nije app Fietsmodus. De app moat bern safier krije dat se harren mobyl net brûke op de fyts, want dat leveret faaks gefaarlike situaasjes op. It ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu wol dêr mei de app wat oan dwaan.
De app folget de rûte dy't skoalbern fytse. Foar alle kilometers dy't se fytse, fertsjinje se punten. Foar de skoallen mei de measte punten binne der aardige prizen, lykas radio 538 DJ's op je skoalfeest, kaarten foar The Voice of Holland of lûdsboksen.