Ambassade: "Situaasje Klaas Haijtema reedlik"

It giet nei omstannichheden reedlik mei Klaas Haijtema út Wûns. Dat meldt it ministearje fan Bûtenlânske Saken moandei. Twa meiwurkers fan de ambassade binne yn Myanmar, dêr't Haijtema fêstsit.
Haijtema wurdt oanklage foar it stillizzen fan in boeddhistyske fiering yn Myanmar, ek wol Birma, troch de stekker fan in fersterker derút te lûken. Dat barde oardel wike lyn
De twa ambassademeiwurkers hawwe Haijtema moandeitemoarn opsocht yn de finzenis. Ek syn freondinne wie mei. Haijtema moat syn sel diele mei ien oare finzene. Ek hat er in matras en muskitenet krigen.
Earste reis nei Azië
De rjochtbank yn Myanmar hat freed opnij tsjûgen heard yn de saak fan Haijtema. Dat skriuwt de Myanmar Times. De rjochtbank hat ûnder oare in plysjesjef heard en in meiwurker fan it hotel dêr't Haijtema mei syn freondinne ferbleau.
Dy meiwurker ferklearre dat Haijtema sein hat dat it syn earste reis nei Azië wie. Hy soe fierder ferteld hawwe dat er tocht dat de minsken oan it sjongen wienen. Haijtema wist net dat it in religieuze gearkomste wie.
Moandei mooglik útspraak
De meiwurker fan it hotel ferklearre boppedat dat it de bedoeling west hat dat Haijtema fuortendaliks by it hotel syn eksuzes oanbiede soe, mar fanwegen de grutte massa minsken fûn it hotelpersoniel dat net ferantwurde. Haijtema hat letter yn de rjochtbank sorry sein foar it ynsidint.
De rjochtsaak wurdt moandei fierder behannele. Mooglik dat de rjochter dan ek al in útspraak docht.