Kollum: "Kommersjeel net ynteressant"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Eelke Lok hie it ôfrûne sneon oer syn irritaasjes. No, sûnt foarige wike tiisdei rin ik ek mei in flinke irritaasje om. Sa't jim fêst wol witte, sil KabelNoord út Dokkum tegearre mei de provinsje glêsfezel oanlizze yn tinbefolke gebieten yn Fryslân, dêr't de ferbining op dit stuit sa traach is dat minsken de kompjûter moarns om fiif oere al oanswengelje moatte sadat se nei de kofje om 10 oere harren earste mailtsje ferstjoerd ha.
Net bêst yn in tiid wêryn't alles digitaal giet. En dus seit KabelNoord: gjin geseur, wy sette de skouders der mei ús allen ûnder. Alles en elkenien krijt hjir yn Fryslân glêsfezel. It toant oan hoe't in bedriuw him ynset foar syn eigen regio. Dat soene mear bedriuwen dwaan moatte. De broek sakke my dan ek ôf doe't ik deputearre Sietske Poepjes ôfrûne tiisdei it folgjende sizzen hearde:
--- lûdsfragmint Sietske Poepjes ---
Der binne nochal wat minsken, ûngefear 25.000 adressen yn de provinsje, dy’t allinnich mar ynternet oer de telefoan ha. En dêr bliuwt it de kommende jierren ek wol by. Simpelwei omdat de besteande merkpartijen ja it earlik sein ferpoffe. Dy fine dat der te min rendemint op sit, dy wolle earst jild ynvestearje yn de Rânestêd. No, wy as provinsje mar ek de belutsen gemeenten yn de provinsje, fine dat dat absolút net kin. Ik bedoel minsken op it plattelân dy ha ek rjocht op in fatsoenlike ynternetferbining. Dêrom pikke wy dit ek op as provinsje tegearre mei gemeenten. Mar dat moat allegear wol goed ferwurde wurde en dan moast goed beslein ten iis komme. Dus dêrom dit lytse útstel noch efkes.
--- lûdsfragmint Sietske Poepjes ---
Wat blykt no? Inkelde grutte telekomgiganten driigje mei rjochtsaken wegens ûnearlike konkurrinsje. En dus moat Sietske no earst ta op de boaiem útsykje oft alles juridysk sjoen wol goed tichttimmere is. It hier gong my rjocht oerein stean.
Want litte we earlik wêze: dizze grutte partijen ha al dy tiid de kâns hân om hjir by ús glêsfezel oan te lizzen. Mar ha se dat dien? Nee. Om’t tinbefolke gebieten yn Fryslân harren net in ruk ynteressearje. Mar boppe-al omdat it te djoer is. 'Commercieel oninteressant', neame se dat yn fakjargon. Mei oare wurden, it kostet in bulte en it smyt mar in bytsje op. It omkearde fan Witte Reus, si’k mar sizze.
Mar no't KabelNoord it inisjatyf nimt om mei help fan de provinsje dizze gebieten dochs fan glêsfezel te foarsjen, roppen en raze se ynienen fan it heechste buordsje dat it ûnearlike konkurrinsje is. Ik wurd der wer lilk fan as ik dit fertel. Want dit argumint it rekket kant noch wâl.
Stel, ik ha in grutte supermerk en der komt in nij bakkerswinkeltsje njonken my yn de strjitte. Dy krijt om te starten wat finansjele stipe fan de ûndernimmersferiening by ús yn it doarp omdat elkenien fynt dat der yn in doarp ferlet is fan farske bôle. En dat ik dan as supermerk roppe soe: 'Ja ho ris even! Ik bin ek ûndernimmer en ik krij gjin jild, dus dit is ûnearlik.' En as se my dan freegje: 'Oh, mar wolsto dan miskien farske bôle ferkeapje?' Dat ik dan sis: 'Nee jong, dat is kommersjeel ûninteressant. Alle dagen dy ûne oan foar dat inkelde broadsje, ja daaag. Már ik hâld fêst oan myn stânpunt: it is ûnearlike konkurrinsje. Dus dan mar gjin farske bôle foar it hiele doarp."
Want dêr draait it úteinlik om: eigen belang. Net om it belang fan de minsken en ûndernimmers yn Fryslân dy't mei glêsfezel rêden binne. Net om ús as provinsje ekonomysk oanlokliker te meitsjen foar ûndernimmers. Tinke jo dat it KPN, Ziggo of Tele2 wier wat skele kin dat in postdo hjir noch altyd rapper is as ús ynternet? Echt net hear.
It leafste hie'k hjoed noch de hiele brut opsein by myn telekomgigant en wie’k fuort oerstapt nei KabelNoord. Ut prinsipe. Mar spitich genôch kin dat net, want KabelNoord sit net yn alle gemeenten. Fandêr myn plan de kampanje. Alle Fryske gemeenten wurde sa gau as mooglik oandielhâlder fan KabelNoord, lykas Amelân, Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Skiermûntseach dat no al binne. Dan stappe wy as Fryslân mei ús allen yn ien kear oer nei KabelNoord.
Wat soe dat in prachtige digitale middelfinger wêze nei al dy kommersjele partijen. En dan stjoere wy se mei ús allen in razendsnel mailtsje mei ús ôfskiedsboadskip: “Spitich, jo wiene foar ús kommersjeel net ynteressant. Ek nammens de postdo, de groeten.”