Fjouwer fersoarchsters Alliade fjochtsje ûntslach oan

Soarchgroep Alliade © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Fjouwer âld-meiwurkers fan soarchgroep Alliade stappe nei de rjochter om harren ûntslach oan te fjochtsjen. Dat skriuwt De Telegraaf. De fersoarchsters sizze dat se de brieven wêryn't harren ûntslach oansein waard, nea krigen ha.
Alliade soe net oantoane kinne dat de brieven ferstjoerd binne. It bedriuw seit dat dat troch in koerier dien is, mar it soe gean om de heit fan de sekretaresse fan de personielssjef.
Neffens Alliade is der gjin wetlike eask dat ûntslachbrieven oantekene ferstjoerd wurde moatte. It bedriuw ferwachtet dan ek de rjochtsaak te winnen.