Finale sjongfestival Liet yn Neushoorn Ljouwert

In eardere edysje fan Liet wie op it Saailân © Omrop Fryslân
De finale fan it Fryske songfestival Liet is oare wike snein 9 oktober yn Neushoorn yn Ljouwert. Alve dielnimmers litte harren sjongkeunsten sjen op de poadium fan de grutte seal. De dielnimmers binne de bands/artysten Boots, Janneke de Boer, Esmee en de Voorzitter, Lammy Bruyns, Loekie Roosdorp, Metz & Mulder, Douwe Dijkstra, Kees de Groot, Aafke Zuidersma, Ypke en Held op Sokken. It begjint om trije oere dy middei. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries.