Silers Snits pakke sulver yn kompetysje 'Eredivisie Zeilen'

It syl-team fan KWS Snits hat yn de earedifyzje Silen it twadde plak behelle yn de einstân. Yn de kompetysje oer fiif wykeinen moasten de Snitsers allinnich WV Almere Centraal foargean litte. It tredde plak is foar Jachtclub Scheveningen.
Yn totaal wienen der 18 dielnimmers, Almere is no Nederlânsk kampioen.
De earste trije pleatse har boppedat foar de saneamde "Sailing Champions League", in grut ynternasjonaal sylevenemint yn 2017 yn St. Petersburg yn Ruslân. KWS Snits-stjoerman Maarten Jamin is grutsk op de prestaasje fan syn team.