Nije brêge by Jirnsum nei jierren no dochs klear

De nije Sylsbrêge yn Jirnsum is no dochs klear. Der is fyftjin jier oer praat foar't se oan de nije brêge begûnen, dy't mear as 2 miljoen euro koste hat. Gruttere boaten kinne no ek ûnder de brêge troch, want de trochfarhichte is 2.50 meter. Hiel fier komme de grutste boaten fan de Snitser Mar ôf lykwols net. In lyts eintsje fierderop leit in spoarbrêge fan 1.80 meter heech.
It eindoel is de farwei fan Ljouwert oer Grou en Jirnsum nei de Snitser Mar frij te meitsjen.