Kelvin de Ruiter Europeesk kampioen Truck Pull

Kelvin de Ruiter yn aksje foar de wedstriid Sterkste Man fan Nederlân © Harm Jan Dedden
Sterke man Kelvin de Ruiter út Surhústerfean is sneon Europeesk kampioen Truck Pull wurden. Yn it Hongaarske Gyor liet De Ruiter yn in sterk dielnimmersfjild sjen dat syn Europeeske titel fan ferline jier gjin tafal wie. Foar it twadde jier op rige pakt de Feanster, dy't ek Nederlânsk kampioen is op it ûnderdiel frachtweinlûken, it goud by Truck Pull.
Tegearre mei de Dútser Dennis Kohllen waard Kelvin de Ruiter dêrnei ek noch earste by it duo-lûken yn Hongarije.