Fries Museum tefreden oer earste Alma Tadema-wykein

© Lisa Klompe
De útstalling mei it wurk fan Alma Tadema hat yn it earste wykein mear as trijetûzen besikers nei it Fries Museum lutsen. Dat is trije kear safolle as gewoanwei yn in wykein nei it museum komme. It museum is wiis mei de earste sifers. "Het is een hele mooie start, en we hopen dat het achttien weken lang zo doorgaat," seit direkteur Kris Callens.
'Alma Tadema, klassieke verleiding' is de grutste tentoanstelling yn de skiednis fan it Fries Museum. Nei omtinken by ûnder oare de BBC en de NOS wurde der mear as 80.000 besikers ferwachte.
De museumshop rint ek goed. Neffens Callens wurdt de shop gewoanwei sjoen as in ekstra service foar de besikers. It nije Alma Tadema-guod soe wolris in wichtige rol krije kinne foar it museum. It is no lykwols noch te betiid om dêrop foarút te rinnen. De winkel hat njonken in boek oer de Fryske keunstner en pennen, notysjeboeken en aanst ek paraplu's mei wurk fan Tadema derop.