Bussjauffeur beflibe en slein op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
In 52-jierrige bussjauffeur is sneontejûn mishannele oan de Transveer op De Lemmer troch twa manlju. It duo frege oan de bussjauffeur om nei Grins te riden. Doe't de sjauffeur sei dat er in oare einbestimming hie, waard er beflibe en slein.
Hy krige de twa manlju mei muoite út syn bus en warskôge de plysje. Dy koe de fertochten út Hoogeveen (27) en Budel (23) letter oanhâlde en meinimme nei it plysjeburo.