Harkemase Boys hurd ûnderút tsjin Quick Boys mei 4-0

Harkemase Boys is sneon foar de tredde kear op rige thús hurd ûnderút gien. Op it eigen fjild waard der mei 4-0 ferlern fan Quick Boys út Katwyk. Yn de earste helte wiene der genôch kânsen foar de Harkiten, mar se slaggen der net yn dy te fersulverjen. Ek Quick Boys skoarde net en sa wie de stân by rêst 0-0.
De iepeningstreffer kaam yn de 64e minuut. Jerghinio Sahadewsing benutte de strafskop foar de gasten en makke 0-1. Njoggen minuten letter skoarde Bentem de 0-2 fanút in frije traap.
Nei in blessuere fan Klaas Schotanus yn de 81e minút bleau Harkemase Boys mei tsien man oer, wêrfan Miso-Danso profitearre: 0-3. Yn de 88e minút rûn Quick Boys noch út nei 0-4 en dat wie ek de einstân.